Wurkstraffen foar âld-SP'ers

04 jan 2011 - 10:49

Tsjin fjouwer âld-leden fan de SP út Skarsterlân binne wurkstraffen fan 120 en 60 oeren easke fanwege 'valsheid in geschrifte'. De fjouwer hiene ferline jier in falske hanteken op de kieslist set en net dy fan SP-foaroanman Jan Marijnissen.

De heit fan ien fan de kandidaten sette syn hanteken op de list. Hy en de trije oare SP'ers binne fertochte. Mei de falske hanteken woene se tsjin 't sin fan it SP-haadbestjoer meidwaan oan de riedsferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)