Wurkstraf foar stellerij by klub

16 nov 2005 - 10:03

De Ljouwerter gymnastykferiening Vlugheid en Kracht is jierrenlang bestellen troch twa bestjoersleden fan de klub. Yn trije jier tiid hawwe de ponghâlder (47) en syn partner út Harns 18.000 euro achterhâlden.

Dat diene de twa troch ûnder oaren de bankôfskriften te ferfalskjen. Tiisdeitemiddei easke de offisier fan justysje 160 en 100 oeren wurkstraf tsjin de twa fertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)