Wurkstraf foar mishanneling

21 mrt 2009 - 14:01

In ynwenner fan Easterwâlde is troch de rjochtbank feroardield ta 120 oeren wurkstraf. Fierders komt er twa jier ûnder tafersjoch fan de reklassearring te stean.

De 39-jierrige man hat syn eardere freondinne ferskate kearen mishannele, ûnder oare yn de wachtkeamer fan it sikehûs yn Assen. De feroardieling is ek foar it stellen fan twa fytsen. Oan de eigner fan ien dy fytsen moat de man 500 euro skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)