Wurkstraf foar lizzen nepbom

09 nov 2004 - 17:12

It Iepenbier Ministearje hat 200 oeren wurkstraf easke tsjin in man dy't in nepbom op It Hearrenfean lein hie. De fertochte is in 19-jierrige man fan It Hearrenfean. Nei pleatsing fan de nepbom by winkelsintrum De Greiden belle er it alarmnûmer 112. Alle helptsjinsten kamen doe yn aksje, mar it wie in nepbom, bedoeld as grap.

It Iepenbier Ministearje fynt it net grappich en nimt sokke bedrigingen heech op nei de oanslaggen yn Amearika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)