Wurkstraf foar fraude

10 apr 2009 - 10:10
  • Wurkstraf foar frou dy't by Rabobank fraudearre

In frou (29) út Ljouwert hat in wurkstraf fan 200 oeren krigen. Se hat jierrenlang fraudeard by de Rabobank yn Snits. By in tal saaklike krediten dy't se regele, die se der hieltyd jild by dat se achteroerdrukte. Se die dat út jildpine, mar letter ek om't it frij maklik gie. By in ynterne kontrôle waard it ûntdutsen.

It jild dat se ûnearlik krigen hat, goed 55.000 euro, moat se werombetelje. Gewoanwei stiet njoggen moanne sel foar dit soarte fan fraude.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)