Wurkstraf foar Cambuur-fans

13 nov 2009 - 17:31

Fjouwer Cambuursupporters krigen freed fan de rjochter finzenisstraf ûnder betingst oplein nei oanleiding fan de rellen by de wedstryd Cambuur-Roda. Doe waard bûten it stadion fochten mei de plysje en waard mei stiennen smiten en guod fernield.

De fjouwer krigen straffen tusken de ien en trije moannen. Ek hawwe se taakstraffen krigen fan tusken de 180 en 240 oere. Twa oaren krigen jeugdetinsje ûnder betingst. Alle relskoppers krigen in stadionferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)