Wurkstraf foar bomme-makker

29 apr 2010 - 19:25

Tsjin in 35-jierrige bommemakker út Hylpen is tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert 240 oeren wurkstraf easke. Yn augustus 2008 ried de Hylper mei in kollega mei yn de auto nei it wurk. Hy hie de selsmakke bom by him. Syn kollega wie it dêr net mei iens en woe dat er útstapte. Bûten de auto gie de bom ôf en dêrby rekke de man swier ferwûne. Hy moast ien hân hielendal misse en fan de oare hân trije fingers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)