Wurkstraf foar bommakker

29 apr 2010 - 14:36
  • It buske dêr't de man yn meiried (foto's: Omrop Fryslân)
  • Undersyk fan it plak dêr't de bom ûntplofte

Tsjin in 35-jierrige man út Hylpen is tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert 240 oeren wurkstraf easke. Yn augustus 2008 rekke de man swier ferwûne doe't in selsmakke eksplosyf yn syn hân ôfgie.

De Hylper liet in kollega mei wa't er meiried, de bom sjen. Dy kollega sette him yn Harich út 'e auto. Dêrnei gie de bom ôf. De bommakker ferlear in hân en trije fingers fan 'e oare hân. Hy hat mei de bom oaren yn gefaar brocht en sadwaande moat er foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)