Wurkstraf foar berneporno

16 feb 2012 - 16:57
  • Justysje

Tsjin in ynwenner fan Bûtenpost is in wurkstraf fan 200 oeren easke foar besit fan berneporno. Yn maaie ferline jier kamen de plysje yn in ynternasjonaal ûndersyk de man op it spoar. Op syn kompjûter thús stiene tûzenen foto's en filmkes. De man soe ek bylden ferspraat hawwe.

De offisier fan justysje wol dat de man in proeftiid fan twa jier oplein krijt. Giet it dan wer mis mei de man, dan moat er in healjier sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)