Wurkstraf foar Amelanner (41)

05 feb 2004 - 00:00

De ambulânse-sjauffeur op It Amelân dy't fertocht waard fan ûntucht mei 11 froulju, is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardield ta 240 oeren wurkstraf. Tsjin de 41-jierrige man waard twa wike lyn trije jier sel easke, wêrfan ien ûnder betingst.

De man soe jierrenlang froulike kollega's lêstichfallen ha en ûnder druk seksuele hannelingen mei har pleegd ha. De saak, dy't al sûnt 1995 spile, hat foar in soad opskuor soarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)