Wurkstraf foar âld-riedshear

27 jun 2014 - 12:39

It Iepenbier Ministearje hat in wurkstraf fan fyftich oeren ûnder betingst easke tsjin Wieger Wedzinga (56), earder riedshear by it gerjochtshôf yn Ljouwert. Wedzinga soe yn 2007 it geheim fan de riedskeamer skeind hawwe, troch achternei te sizzen dat er twifels hie oer in feroardieling. Dat wie yn in saak oer de gewelddiedige oerfal op in filiaal fan Geldnet.

De saak rint al jierren. It is in lange en komplekse proseduere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)