Wurkstraf foar âld-konsjerzje

12 nov 2004 - 09:50

In 51-jierrige man dy't earder wurke as konsjerzje by it Comenius-college yn Ljouwert hat tongersdei in wurkstraf krigen fan 80 oeren. De man hat in 16-jierrige learlinge oanset ta ûnseedlike hannelings.

De man hie fia ynternet kontakt socht mei it famke. Hy hat har troch syn oerwicht en it jaan fan kadootsjes oansetten ta ûnseedlike hannelings. Fia smskes en chatten die hy har seksuele foarstellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)