Wurkstraf fan 240 oeren foar deadlik ûngelok by Penjum

28 jul 2015 - 14:18

In 38-jierrige man út Winsum dy't ferline jier in deadlik ûngelok feroarsake by Penjum, is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren. By it ûngelok kamen in 18-jierrige man en syn hûn om it libben. De freondinne fan it slachtoffer rekke swierferwûne.

De rjochtbank hat njonken de wurkstraf ek in riidûntsizzing fan in jier oplein. De fertochte út Winsum wie by it ûngelok ûnder ynfloed fan alkohol, mar dat foel binnen de wetlike limyt. Hy ried oan de ferkearde kant fan de dyk en skepte dêrby de slachtoffers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)