Wurkstraf en selstraf ûnder betingst easke yn saak De Jong

15 okt 2015 - 18:55

Tsjin profesjoneel himpkweker Doede de Jong fan Appelskea is yn heger berop 180 oeren wurkstraf en twa moanne selstraf ûnder betingst easke, mei in proeftiid fan trije jier. De Jong stie foar de rjochter fanwegen it bedriuwsmjittich ferbouwen fan himp. Dat is ferbean. De Jong is it dêr net mei iens. Hij fynt it ûnbegryplik dat kannabis wol ferkocht wurde mei, mar dat it net ferboud wurde mei.

Syn advokaat Tjalling van der Goot hat ûntslach fan rjochtsferfolging frege. Neffens him is syn kliïnt iepen en transparant oer wat er docht. It Nederlânske belied op dit mêd is net út te fieren, seit Van der Goot.

Foar de saak is in soad belangstelling. Sa binne der trije kameraploegen dy't der ferslach fan dogge.

De Jong hat fol fjoer in trije kertier duorjend slotpleidoai hâlden, wêryn't hy frege om frijspraak en in oar drugsberlied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)