Wurkstraf en rydûntsizzing foar deadlik whatsapp-ûngelok

07 des 2015 - 15:10
  • By de oanriding kaam in man om it libben en rekke in frou swier ferwûne

In 20-jierrige man út Akkrum hat moandei fan de rjochter in wurkstraf fan 240 oeren krigen. Ek mei hy oardel jier net ride. De man krijt dy straf om't er yn maaie yn Hoarnstersweach in deadlik ûngelok feroarsake hat, trochdat er ûnder it riden siet te whatsappen. De man wie ek dwaande mei syn radio. Dêrtroch seach er net dat der fiif minsken op de dyk rûnen.

Troch de oanriding kaam in man út it Grinslanner Winsum om it libben. Syn frou rekke swierferwûne. 

De straf dy't de man út Akkrum krigen hat, is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)