Wurkstraf easke tsjin Feanfans

24 sep 2010 - 17:13

Tsjin 4 supporters fan SC Hearrenfean binne freed foar de rjochtbank yn Ljouwert wurkstraffen easke. De supporters moasten foarkomme foar it yn gefaar bringen fan 'e iepenbiere feiligens. Op 20 febrewaris hiene se mei supporters fan RKC Waalwijk ôfpraat om te fjochtsjen.

Op dy dei spile Hearrenfean yn Waalwijk. Der is gjin oanjefte dien, mar justysje makke der wol in saak fan. Trije kear is 80 oeren straf easke en ien kear 50 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)