Wurkstraf easke foar echtpear

25 mrt 2010 - 16:26
  • Foto: Omrop Fryslân

Tsjin in plysjeman en syn frou út Ljouwert is 240 oeren wurkstraf easke. Se soene yllegaal in famke meinaam hawwe fan 'e Filipinen. Neffens justysje hat it echtpear by it opheljen fan it famke de berne-akte ferfalske.

De rjochtbank spruts it echtpear earder frij. Justysje gie doe yn heger berop. It echtpear seit mei de allerbêste bedoelings hannele te hawwen. Se soene it famke yn 'e hannen drukt krigen hawwe op 'e Filipinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)