Wurkstraf easke foar dea Argos

21 mrt 2014 - 15:34
  • Justysje

De Iepenbier Ministearje hat wurkstraffen fan 100 en 80 oeren easke tsjin de manlju dy't fertocht wurde fan de fatale mishanneling fan de hûn Argos. Dy waard op 28 desimber ferline jier deastutsen yn de Curaçaostrjitte yn Ljouwert, nei't er in oare hûn oanfallen hie.

Eigeneresse Maria Bons sette nei oanlieding dêrfan de nammen fan de manlju op ynternet. Der waard ek in stille tocht hâlden. Bons kaam yn desimber sels yn it nijs om't se mei har seis bern op strjitte kaam te stean. De rjochter docht letter freedtemiddei útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)