Wurkstraf domdryste skipper

08 maaie 2008 - 16:52
  • 200 oeren wurkstraf foar yn sliep fallen skipper

Tsjin de skipper dy't ferline jier in fakânsjehúske ramde by Grou, is tongersdei in wurkstraf fan 200 oeren easke. De skipper út Dordrecht wurdt oanrekkene dat er domdryst fearn hat.

By in ynsidint kaam in gesin mei twa lytse bern mei de skrik frij. Sy leinen yn it húske te sliepen, doe't it grutte frachtskip sa'n 10 meter de wâl op fear tsjin harren ûnderkommen oan. De skipper wie yn 'e sliep fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)