Wurkskuorre 'Steatsbos' Twizel

19 mrt 2010 - 16:43

Boskwachters, opsichters en fjildmeiwurkers fan Steatsboskbehear yn Noard-Fryslân kinne tenei út ien plak wei wurkje. Freed waard yn Twizel de nije wurkskuorre iepene. Net allinnich personiel, mar ek alle ark stiet no op ien plak.

It wurkgebiet fan de behearsienheid Noard-Fryslân is alles boppe Drachten, Ljouwert en Harns mei dêryn û.o. de reservaten de Burgumermar, de Leijen en de Houtwielen. Sneon hat Steatsbosk in iepen dei yn de wurkskuorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)