Wurksfear moat gau ferbetterje

05 jul 2013 - 00:05
  • De gemeenteried fan Smellingerlân
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Ferantwurdlik wethâlder Van der Aart fan Smellingerlân sil de oanpak fan de problemen op it gemeentehûs yn Drachten bot yn de gaten hâlde. Dat hat se tasein oan de gemeenteried, dy't tongersdeitejûn prate oer it ûndersyk fan Bureau Berenschot oer de wurksfear. Neffens dat rapport is der gjin sprake fan in brede sfear fan sosjale ûnfeiligens, mar binne der wol tsientallen minsken dy't har yntimidearre fiele.

Ek binne der problemen mei liedingjaanden fan twa ôfdielings en fine in soad amtners dat der sprake is fan freontsjespolityk.

Neffens de wethâlder moat de gemeentlike direksje dat dwaan, mar sy sil har der bot mei bemuoie. De earste stappen dêrta binne yntusken set. De ried trune ek oan op in goeie neisoarch foar de minsken dy't de problemen op it gemeentehûs oankaart ha. Wethâlder Van der Aart hat sein dat dêroan wurke wurde sil. Se hat ek tasein dat se de ried op de hichte hâlde sil fan hoe't it giet mei de oanpak fan de problemen. De ried krijt de útkomsten fan in meiwurkerstefredenheidsûndersyk, dat ein dit jier hâlden wurdt. Fierder komt der ek omtinken foar yn it sosjaal jierferslach fan de gemeente. Guon partijen yn de ried fine dat net genôch. Sy wolle graach yn de kommisjegearkomsten bypraat wurde. Dêr woe de wethâlder gjin tasizzings oer dwaan.

De FNP yn de ried fan Smellingerlân sei tongersdei dat dy der net folle fertrouwen yn hat dat wethâlder Van der Aart de problemen goed oppakke sil. Se hie der neffens dy partij al folle earder boppe-op sitte moatten. Oare partijen ha der fertrouwen yn dat Van der Aart de saak bot serieus nimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)