Wurkprojekt foar 45-plussers

25 feb 2004 - 00:00

By it sintrum foar wurk en ynkommen, it CWI, op It Hearrenfean set takom moanne in projekt út ein om 45-plussers yn Fryslân oan it wurk te krijen of te hâlden. It projekt is in inisjatyf fan provinsje en it CWI.

Aldere wurknimmers ha by guon bedriuwen gjin goed imago. Sa soene se net by steat wêze om technyske ûntwikkelingen by te hâlden. Neffens direkteur Rienks fan it CWI is der in omslach yn it tinken nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)