Wurkplakken fuort yn de soarch

21 aug 2003 - 00:00

By de âldereinsoarch fan soarchgroep Noorderbreedte yn Ljouwert ferdwine 70 wurkplakken. De wurkplakken geane ferlern fanwege besunigingen fan sa'n 3 miljoen euro dy't de divyzje Aldereinsoarch trochfiere moat.

De fersoargings- en ferpleechhuzen ha jierrenlang te min soarch levere tsjin te folle jild. Noorderbreedte hat twa jier lyn in sosjaal plan ôfsletten mei de fakbûnen. Neffens in wurdfierder wurdt foar de minsken oar plak fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)