Wurknimmers V&D moatte 5,8 persint lean ynleverje

19 jan 2015 - 14:53
  • V&D yn Ljouwert

De wurknimmers fan V&D yn Ljouwert moatte salaris ynleverje. Fan febrewaris ôf fertsjinje de meiwurkers struktureel 5.8 prosint minder. De maatregel is neffens it bedriuw nedich omdat se oars net mear konkurrearje kinne mei oare winkels en webshops.

Lean ynleverje liket in trend te wurden, want ferline wike frege krantebedriuw NDC oan har meiwurkers om 5 prosint yn te leverjen om sa it bedriuw te helpen. Fakbûn CNV is perfoarst net bliid mei it leanoffer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)