Wurknimmers Prins 'monddood'

01 maaie 2013 - 15:32
  • Posteraksje by Prins Dokkum
  • Wurnimmers Prins Dokkum fiere aksje

By de poarte fan Prins Dokkum is woansdei wer aksjefierd troch de wurknimmers en harren froulju tsjin de sluting fan it fangrailbedriuw troch de Noarske eigners. De froulju hiene posters ophongen mei dêrop portretten fan harren manlju mei de mûle ôfplakt en de tekst 'monddood en rechteloos' derby. Der binne ek taspraken hâlden dêr't nochris yn sein waard dat in sûn bedriuw sletten wurdt en dat de aksjes dêrtsjin trochset wurde. In fertsjintwurdiger fan it haadbestjoer fan FNV Bondgenoten wie der ek by.

Koartlyn like der in akkoart te wêzen oer de sluting en in sosjaal plan, mar dat gong op it lêste momint net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)