Wurknimmers krije faker in burn-out troch stress op it wurk

16 nov 2015 - 12:38

Mear as in miljoen Nederlanners hawwe burn-outklachten. Dy wurde feroarsake troch wurkstress. Der moat dêrom mear omtinken komme foar easken dy't wurkjouwers stelle oan meiwurkers. Benammen jongere meiwurkers hawwe in soad lêst fan stress.

Yn Fryslân is it persintaazje syktemeldingen fanwege wurkstress al jierren 3,3 prosint. Dochs hoecht wurkstress net perfoarst negatyf te wêzen, seit bedriuwsarts Johannes van Zandbergen fan Arboned. In bytsje stress hâldt je skerp en kin soargje foar ekstra motivaasje.

Dizze wike is de wike fan de wurkstress. Hjirmei freget it ministearje fan folkssûnens omtinken foar de problemen troch wurkstress. Goed hûndert bedriuwen út it hiele lân jouwe omtinken oan wurkstress en de bestriding hjirfan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)