Wurknimmers hâlde sels man oan

08 mrt 2005 - 10:38

Wurknimmers fan it suvelkonsern Friesland Food yn Ljouwert hawwe moandei sels de man oanhâlden dy't fertocht wurdt fan brânstichting yn de eardere kondens. Dat hat de plysje bekendmakke. Nachts om ien oere bruts brân út yn it blikfabryk fan de festiging oan de Peter Stuyvesantswei.

De wurknimmers hiene flak foar't de brân útbruts de 21-jierrige man rinnen sjoen op it fabryksterrein. De plysje is noch dwaande mei it ferhear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)