Wurknimmers fan Nirota fernuvere oer fallisemint

25 nov 2015 - 10:59
  • Nirota

De wurknimmers fan de Snitser tankbouwer Nirota binne fernuvere oer it fallisemint fan it bedriuw. Der wiene foar harren gjin sinjalen dat it finansjeel net goed rûn. Dat seit kurator Verdonk. De reden fan it fallisemint liket te lizzen yn it fuortfallen fan inkelde grutte opdrachtjouwers. Hjir wiene op koarte termyn gjin ferfangers foar te finen, wêrtroch't it bedriuw der finansjeel ynienen tige min foar kaam te stean. 

Twivels

Omdat it fallisemint sa ûnferwachts komt, binne der by de meiwurkers twivels oer de grûn dêr't it op oanfrege is. De wurknimmers binne benaud dat it bedriuw de situaasje brûkt om goedkeap fan personiel ôf te kommen. Mar dêr stiet, neffens de kurator, lykwols tsjinoer dat der troch de ûndernimmers priveejild yn it bedriuw stutsen is. Dat jild soe mei dit fallisemint folslein fuort wêze.

Ek by it fakbûn is it fallisemint fan Nirota as in ferrassing kaam. Neffens it bûn rint it op it stuit goed yn de sektor, en wiene der gjin sinjalen dat Nirota it dreech hie. Woansdeitemiddei prate de ferskate partijen mei-inoar. Der is noch neat bekend oer in eventuele trochstart of oername.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)