Wurknimers Bartels ferslein

22 aug 2008 - 14:56

De wurknimmers fan Ingenieursbedriuw Bartels yn Ljouwert binne bot ferslein troch it ferstjerren fan harren âld-direkteur Anne de Jong. De 60-jierige Ljouwerter is fan 'e wike omkaam yn de Golf fan Biskaje, doe't hy en syn frou yn needwaar telâne kamen mei harren boat.

De Jong wie yn maaie dit jier mei pinsjoen gien neidat er goed 15 jier as direkteur oan de slach west hie by it bedriuw. Nei syn pinsjoen liet hy noch geregeld fan him hearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)