Wurkleazens yn Noarden sakke

19 maaie 2004 - 00:00

It tal minsken yn it Noarden dat in baan siket is yn april mei goed trije persint nei ûnderen gien. It tal wurkleazen yn it Noarden is dêrmei mear ôfnaam as gemiddeld yn Nederlân. Dêr leit de delgong krekt boppe ien persint.

Yn it Noarden giet de wurkleazens yn ús provinsje it meast nei ûnderen. Hast 1300 minsken ha yn april in baan fûn. Yn Grinslân en Drinte leit dat oantal ûnder de 1000. De delgong is benammen te tankjen oan seizoenswurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)