Wurkleazens is ôfnommen

01 nov 2000 - 10:28

De wurkleazens yn it noarden fan Nederlân is oer it tredde fearnsjier mei 18 prosint ôfnommen yn ferliking mei foarich jier. Goed 62.000 wurksykjenden steane by de noardlike arbeidsburo's ynskreaun, wêrfan 21.000 yn Fryslân.

Foar de trije noardlike gemeenten yn de provinsje jildt in hegere wurkleazens as yn de rest fan Fryslân. Yn de haadstêd rûn it tal mei 13 prosint tebek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)