Wurkleazens nimt fierder ta

19 aug 2003 - 00:00

De wurkleazens is yn it Noarden fan it lân wer omheechgien. Yn july naam it tal wurksykjenden ta mei 3,2%. Dat is hast it dûbele as de taname ferline jier july. Ek lanlik gie de wurkleazens omheech, mar minder as yn it Noarden.

De nijste sifers betsjutte in omslach yn de ûntjouwing fan de wurkleazens fan de ôfrûne jierren. Ut de sifers die doe bliken dat de wurkleazens oan it ôfnimmen wie. Ek yn Ljouwert is de wurkleazens sterk tanommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)