'Wurkleazens giet nei de 10%'

17 des 2013 - 11:36

De wurkleazens komt yn Fryslân takom jier út op 9,7%. Dat is hast in prosint heger as dit jier en docht tinken oan de sifers út de jierren '80. De minne foarsizzings foar 2014 komme fan it ekonomysk buro fan de ING. De lêste tiid wiene de berjochten oer de ekonomy krekt wer wat positiver, naam de eksport wer ta en like de ein fan de krisis yn sicht.

Dat de wurkleazens yn Fryslân in heal prosint boppe it lanlike sifer útkomt, komt om't bedriuwen hjir minder profitearje fan de groeiende eksport, en dat it opliedingsnivo hjir leger is.

Foarsitter Renate Westijk fan MKB-Fryslân ferwachtet dat der yn 2015 wer romte is foar groei op de Fryske banemerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)