Wurkleazens fermindere

21 apr 2011 - 11:23
  • Foto: Omrop Fryslân

De wurkleazens yn Fryslân is ferline jier mei hast twa persint fermindere. Op 't heden sitte 22.500 minsken thús sûnder wurk. Dat is hast acht persint fan de beropsbefolking yn Fryslân. Lanlik leit dat sifer op in goede seis persint.

Yn Drinte en Grinslân is de wurkleazens folle mear tebekrûn as yn Fryslân. Yn Grinslân binne no fiif persint minder wurkleazen en yn Drinte goed tsien persint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)