Wurkleazen moatte grave

15 aug 2009 - 12:58

De gemeente Ljouwert wol wurkleazen ynsette foar de oanlis fan in glêsfezelnetwurk yn 'e stêd. It is in plan fan de Ljouwerter wethâlder Marco Florijn. Se moatte kabelsleuven grave. Mei-inoar moat der sa'n 600 kilometer groeven wurde foar de oansluting fan 40.000 huzen op it rappe ynternet.

Florijn ferwachtet dat inkelde tsientallen minsken út de bystân kinne. Se meie it wurk wegerje, mar moatte dan wol oar wurk oannimme oars wurdt de útkearing leger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)