Wurkleazen foar neat oan it wurk

06 maaie 2006 - 12:47

Goed de helte fan de gemeenten yn Fryslân sette wurkleazen oan it wurk sûnder dat dy dêrfoar betelle wurde. Dat seit fakbûnsbestjoerder Anne van Dijk fan FNV-Bondgenoten. In ûndersyk fan de fakbûnen moat útwize om hoefolle gemeenten it krekt giet.

FNV-Bondgenoten makket him hiel lilk oer dy ûntjouwing. Wurkleazen dy't har by de gemeente melde, krije dan gjin útkearing, mar moatte oan de slach yn de metaalsektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)