Wurkleaze froulju nei skoalle

07 sep 2011 - 12:36

Wurkleaze froulju mei in lege oplieding meie wer nei skoalle. De oplieding wurdt betelle troch gemeente en it ryk. Doel is dat se in fak leare en sa in baan fine. Der is plak foar 450 froulju. De kâns op wurk is grut, lykas yn de soarch.

De proef rint yn sa'n tsien stêden yn Nederlân, ek yn Ljouwert. Der is trije jier stipe fan 50.000 euro yn 't jier. De rest komt foar rekken fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)