Wurkleasheid nimt minder hurd ta

18 nov 2004 - 16:24

It tal wurkleazen yn Noard-Nederlân nimt noch altyd ta, mar it giet minder hurd as ferline jier. Dat docht bliken út de jongste sifers fan it CWI, it sintrum foar wurk en ynkommen.

Yn Fryslân is no 10,5 persint fan de befolking wurkleas. De trije noardlike provinsjes dogge it noch net iens sa min yn fergelyk mei de rest fan it lân. Lanlik nimt it tal wurkleazen de lêste tiid hurder ta as yn it Noarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)