Wurkleasheid nimt ôf

19 apr 2012 - 11:10

It giet wat better mei de wurkgelegenheid yn Fryslân. De wurkleasheid is ferline moanne mei 3 persint ôfnaan. Yn fergelyk mei deselde perioade ferline jier binne der wat minder wurkleazen. Lanlik is de wurkleasheid ek wat ôfnaam, mar wol minder as yn Fryslân.

De delgong fan de wurkleasheid spilet yn de hiele provinsje, al binne der wol regionale ferskillen. Op de eilannen is it tal wurkleazen leger, omdat it toeristenseizoen dêr yn maart foarsichtich wer begûn is. Harns is de stêd mei yn ferhâlding de measte wurkleazen: ien op de tsien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)