Wurkleasheid Achtkarspelen

04 jan 2008 - 13:34

De gemeente Achtkarspelen leit goed op skema mei de ambysje om de wurkleasheid te bestriden. Oer trije jier moat it persintaazje wurkleazen ûnder it Frysk gemiddelde lizze, Gemiddeld sit sawat 8 persint fan de Friezen sûnder wurk. Yn Achtkarspelen is dat tradisjoneel flink mear. Mar ein ferline jier siet de gemeente dêr in pear prosintpunten ûnder.

De oername fan Spinder smyt op termyn ek wer tritich nije banen op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)