Wurkjouwers neame metaalstaking 'ûnbegryplik'

19 jun 2015 - 11:00
  • De seal yn aksjesintrum Tivoli yn Ljouwert siet goed fol

De staking by Fryske metaalbedriuwen is ûnbegrypelik, seit wurkjouwersorganisaasje FME. Neffens de FME leit der in goed bod foar in nije CAO. Dêryn stiet in leansferheging fan 1,5 %. By tal fan bedriuwen rûnom yn Fryslân is freed it wurk dellein, omdat de fakbûnen har net fine kinne yn it bod fan de wurkjouwers.

De FME ropt de fakbûnen op om gewoan wer plak te nimmen oan de ûnderhannelingstafel. Ek soene se ophâlde moatte mei aksjes. De stakingen soargje foar in soad skea by bedriuwen dy't krekt oan it werstellen binne fan de krisis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)