Wurkje yn fernijde Sionsberg

13 jan 2014 - 16:25
  • De Sionsberg

De ferbouwing fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum is klear. Alhoewol't de offisjele iepening pas begjin febrewaris is, wurdt fan moandei ôf al wurke yn de nije sitewaasje. De ôfrûne moannen is it lytse sikehûs foar miljoenen ferboud. Dat moat der foar soargje dat it sikehûs wer rendabel wurdt.

Yn fjouwer moanne tiid is it sikehûs yn Dokkum foar in hiel grut part op de skop west. Reden foar de ferbouwing is benammen dat it allegear goedkeaper moat, mar de bedoeling is ek dat it der better en effisjinter op wurdt.

Om jild te besparjen is it sikehûs flink ynkrompen. Ungefear de helte fan it gebou is no leech. Dêr wurdt in nije bestimming foar socht of it wurdt sloopt. Yn it nije gedielte binne moandei de lêste puntsjes op de i setten. Mei de bou fan nije sprekkeamers, nije baly's en spesjale hokjes foar it meitsjen fan ferfolchôfspraken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)