Wurkhotels om jeugd te helpen

05 apr 2004 - 00:00

De VVD-fraksje yn Ljouwert wol mei saneamde wurkhotels de jeugdwurkleazens oanpakke. Sokke wurkhotels biede jongeren dy't net oan 'e slach komme, in programma fan húsfesting mei in oplieding.

De dielnimmers folgje in wen-wurk- leartrajekt en hawwe dêrnei de garânsje op in hûs en útsjoch op in baan. Yn in wurkhotel wurkje wenningkorporaasjes, bedriuwen, útstjoerburo's en CWI mei- elkoar gear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)