Wurkgroep yndustrieel erfgoed

29 des 2010 - 12:03

De histoaryske feriening Aed Levwerd út Ljouwert wol in wurkgroep yndustrieel erfgoed oprjochtsje. Dy moat âlde gebouwen yn byld bringe op in webside en se ek behâlde foar de takomst. Dêrby kin toch wurde oan âlde fabryksgebouwen, mar ek oan stoom- en drukmasines.

Op dit stuit is der noch gjin list foar yndustrieel erfgoed yn Ljouwert en dêrom binne der mooglik folle mear gebouwen as no bekend. Der binne al ferskate stiftings mei dwaande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)