Wurkgroep Riis: "Mingde gefoelens oer beslút"

16 des 2014 - 12:09
  • It haadgebou fan Mooi Gaasterland

It nijs dat der definityf gjin AZC komt yn Riis wurdt mei mingde gefoelens ûntfongen, seit foarsitter Minke Hiemstra fan wurkgroep Riis. Gemeente de Fryske Marren en it COA makken moandeitejûn bekend dat de plannen net trochgean.

Ofspraken foar in petear mei Twadde Keamerleden takom woansdei gean gewoan troch en ek giet Hiemstra der noch fanút dat steatssekretaris Fred Teeven fan Justysje delkomt. De wurkgroep wol graach in stientsje bydrage as it giet om in oare takomst foar Mooi Gaasterland.

De lokaasje dêr't earder de flechtlinge-opfang komme soe, soe ek tige geskikt wêze foar in ûnderwiisynstelling. Doarpsbelangfoarsitter Wink Blomsma konstatearret dat de kommunikaasje mei de gemeente oan de ein fan it hiele proses stikken better wie as yn it begjin. Sawol Hiemstra as Blomsma advisearje de gemeente en it COA om fan it allerearste begjin omwenjenden te belûken by plannen foar in AZC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)