Wurkgroep maratonriden op tv

08 des 2006 - 11:05

In wurkgroep moat it maratonreedriden op tv in positive ympuls jaan. Dat is de útkomst fan it oerlis tongersdei tusken alle partijen. Om't de sjoch- sifers fan it maratonreedriden oant na ta ôffalle, moatte der feroarings komme.

De wurkgroep wurdt foarme troch stjoerder SBS 6, de KNSB, sponsor VMS en maratonriders. Oant 30 desimber wurde de maratons om 16.00 útstjoerd. SBS sil de stekker der net útlûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)