Wurkgroep: "Feanwâlden kin kearn fan soarch bliuwe"

20 feb 2015 - 11:38
  • Talma Hoeve yn Feanwâlden

Feanwâlden kin him profilearjen bliuwe as kearn fan soarch mei ferpleechhûs Talma Hûs en fersoargingshûs Talma Hoeve. Dat sizze de sân leden fan de wurkgroep Toekomst Ouderenzorg Feanwâlden. De wurkgroep is oprjochte nei grutte soargen oer it fallisemint fan soarchgroep Pasana, dêr't de beide soarchsintra ûnder falle.

De wurkgroep ûndersocht de takomst fan de soarchsintra en tinkt dat foar in oernamekandidaat mei in goed plan in grut potinsjeel oan kânsen leit. Boppedat is der genôch draachflak ûnder bewenners, meiwurkers en frijwilligers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)