Wurkgroep Asylsikers Drachten bliid mei jild foar opfang

20 jan 2015 - 21:44
  • (fotofoarbyld)

De yntertsjerklike wurkgroep Asylsikers Drachten is bliid mei it beslút fan steatssekretaris Fred Teeven om gemeenten tydlik finansjeel te stypjen foar it opfangen fan asylsikers. It giet dan spesifyk om útprosedearre asylsikers, dy't net mear opfongen wurde meie yn in asylsikerssintrum.

Teeven hat yn in brief oan de Twadde Keamer tasein jild frij te meitsjen foar it saneamde 'Bad, Bed en Brood' prinsipe. It jild giet nei de gemeenten, dochs hopet de Drachtster organisaasje dat de gemeente in part fan it jild wer trochset nei harren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)