Wurkgelegenheidsprojekten

02 jun 2004 - 00:00

In 15-tal ûndernimmers en sosjaal- ekonomyske organisaasjes wolle de noardlike wurkgelegenheid en ekonomy in nije ympuls jaan. It giet ûnder oare om de fakbûnen, de Keamer fan Keaphannel, de NOM en bedriuwen lykas Philips.

Yn in oriëntearjende gearkomste is ôfpraat dat der in tal projekten opset wurde dy't de noardlike ekonomy fersterkje kinne. Dêrby sille bedriuwen inoar helpe. Der lizze no foaral plannen op it mêd fan miljeu-technology.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)