'Wurkgelegenens azc's behâlde'

06 mrt 2003 - 00:00

De PvdA-steatefraksje set grutte fraachtekens by de gefolgen fan it sluten fan it grut tal azc's. De partij fynt it net kinnen dat hûndert minsken dêrtroch harren baan ferlieze. Der soene ek in soad oare banen ferdwine, dy't yndirekt te krijen hawwe mei it ferbliuw fan asylsikers yn de provinsje.

De PvdA freget it kolleezje fan deputearre steaten dêrom om har yn te setten foar it behâld fan in grut tal azc's dat no sletten wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)